Frachtweineksamen yn Fryslân

04 jun 2012 - 16:34

Frachtweinsjauffeurs kinne fan takom wike ôf ek yn Drachten harren rydeksamen dwaan. It plak wurdt dêrmei in offisjeel eksamenplak. De toetsen wurde by it Ferkears Edukaasje Sintrum yn Drachten ôfnaam. Direkteur Gert-Jan Kreeft is tige wiis dat sjauffeurs no ek yn Drachten eksamen dwaan kinne.

Dit omdat Drachten foar de transportsektor en logistike bedriuwen sintraal yn it noarden leit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)