Amelân wol Feugelpôlle hâlde

04 jun 2012 - 16:21

Der wurdt yn augustus begûn mei in proef om de Feugelpôlle op It Amelân te behâlden. De Feugelpôlle is in kwelder oan de súdwestkant fan it eilân. De op ien nei grutste koloanje stirnzen fan Europa hat dêr syn briedplak.

De ôfrûne jierren is in part fan de kwelder ferdwûn en dêrtroch briede der no folle minder stirnzen. Fan augustus ôf wurdt besocht de natuerlike kwelderfoarming fan de grûn te krijen. Steatsboskbehear, Wetterskip Fryslân, de gemeente It Amelân en de Waadferiening ha hjir moandei in oerienkomst foar tekene.

(advertinsje)
(advertinsje)