Bankreklame yn de prizen

27 okt 2011 - 16:27

De reklamespot Wadlopen fan de Friesland Bank is nominearre foar in gouden Loekie, de priis foar de bêste tv-reklame. It giet om it spotsje dêr't Jort Kelder yn giet te waadrinnen en ophelle wurdt troch in helikopter. De reklame is betocht troch buro Roorda fan Amsterdam. De nominaasje komt foar har net as in ferrassing. It buro hie wol ferwachte dat dit spotsje de oandacht lûke soe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)