Agressive mûzebiter op Skylge

04 jun 2012 - 14:54
De mûzebiter - Foto: Omrop Fryslân

Steatsboskbehear op Skylge warskôget dat by Formearum in mûzebiter mei jongen agressyf is tsjinoer fytsers en kuierders. In kuierder is fan 't wykein oanfallen en hâldt dêr skrammen oan oer. Ferline jier hie de mûzebiter op itselde plak in nêst en foel er passanten oan.

Ek op oare plakken soargje mûzebiters mei jongen gauris foar oerlêst, omdat se harren jongen beskermje wolle. Steatsboskbehear hat warskôgingsbuorden pleatst by it nêst yn Formearum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)