Bankjes Duerswâld fernield

04 jun 2012 - 14:37

Op de Duerswâldsterheide by Bakkefean binne dit wykein ferskate sitbankjes fernield. De bankjes binne mei betonnen peallen en al út 'e grûn lutsen. De Duerswâldsterheide is ien fan de grutste heideterreinen yn Fryslân. Fytsers en kuierders meitsje altyd in soad gebrûk fan de bankjes.

Eigener Steatsboskbehear fan it gebiet is skokt troch de fernielings. De natoerorganisaasje is fan doel om de bankjes werom te pleatsen. Mar as de bankjes faker fernield wurde, dan docht Steatsboskbehear dat net mear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)