Staasjejild foar it goede doel

Minsken kinne tenei mei ien druk op de knop staasjejild oan in goed doel jaan. De Poiesz-supermerken begjinne takom moanne mei in proef dêr't dit by kin. As minsken flessen yn de flesse-automaat dogge kinne se kieze om op de gewoane knop te drukken of op de in giele knop. Drukke se op de giele knop dan giet it jild nei in goed doel. De giele knop sil earst yn 16 winkels te finen wêze. De earste goede doelen binne de Millenniumdoelen fan de VN.