Schokker hast wis nei Cambuur

04 jun 2012 - 14:15

Oebele Schokker en SC Cambuur binne yn petear. De 27-jierrige oanfaller, dy't sneon mei Harkemase Boys degradearre út de topklasse, hat wol ynteresse om yn it betelle fuotbal te stappen.

Schokker kin ek nei oare topklassers, mar de ynwenner fan Nijhoarne hat him foar takom seizoen al ferbûn oan Harkemase Boys. In oerstap nei Cambuur is oars. Beide partijen ferwachtsje der dizze wike út te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)