Minister Spies yn Heechterp

04 jun 2012 - 12:59

Demisjonêr minister Spies fan ynlânske saken brocht moandei in wurkbesite oan de wyk Heechterp-Skieringen yn Ljouwert. De minister is troch bewenners ynformearre oer de oprjochting fan in bewennersbedriuw en brocht ek in besite oan de suksesfolle buerttún yn de wyk.

De tún waard noch mar koartlyn offisjeel iepene troch wethâlder Koster en no groeit der al fan alles. De minister is goed te sprekken oer de buerttún en Heechterp en hie it oer de bysûndere relaasje dy't it ministearje mei de 'oandachtswyk' ûnderhâldt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)