Grutte plannen Lytse Wielen

04 jun 2012 - 12:03

Rekreaasjegebiet De Lytse Wielen by Ljouwert moat in toeristyske hotspot wurde. De swimmooglikheden yn iepen wetter wurde útwreide en de kwaliteit fan it swimwetter wurdt mei nije trochstreammetoaden en reidoanplant op nivo holden. Wethâlder Diks makke dit moandei bekend by it ûntbleatsjen fan it earste Europeesk erkende ynfoboerd oer iepenbier swimwetter.

Diks wol mear strannen, rekreaasjeplakken en fytspaden yn it gebiet. Neffens wethâlder Diks soe der ek mear romte komme moatte foar de bou fan rekreaasjebungalows.

Doel is dat it rekreaasjegebiet tenei net allinnich publyk út Fryslân, mar út hiel Nederlân lûke sil. De ynvestearring wurdt foarearst rûsd op hast 4 miljoen euro. De provinsje is ferrast troch de oankundige plannen, omdat De Lytse Wielen noch net yn de provinsjale ûntwikkelingsgebieten opnommen is. Deputearre Schokker reagearret yn earste ynstânsje posityf, mar is minder entûsjast oer de bouplannen fan de rekreaasjebungalows.

(Advertinsje)
(Advertinsje)