Bûtenswimseizoen iepene

04 jun 2012 - 11:26

It wie der net echt it waar foar, mar yn rekreaasjegebiet De Lytse Wielen by Ljouwert is moandeitemoarn it bûtenswimseizoen iepene. Dat barde troch learlingen fan iepenbiere basisskoalle De Wielen mei deputearre Schokker en wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert. Diks makke bekend dat Ljouwert it rekreaasjegebiet foar 4 miljoen euro opknappe sil.

By De Lytse Wielen waard as earste it fernijde Europeeske swimwetter-ynformaasjeboerd pleatst. Der giene fanwege it waar gjin minsken it wetter yn by de iepening fan it bûtenswimseizoen.

De gemeente Ljouwert stekt hast 4 miljoen euro yn it opknappen fan rekreaasjegebiet De Lytse Wielen. Dat makke wethâlder Isabelle Diks fan 'e moarn bekend by de iepening fan it bûtenswimseizoen. Fan it jild wurde ûnder oare de strannen en de fytspaden opknapt en útwreide. Ek soene der rekreaasjebungalows boud wurde moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)