Ynbrekkers oppakt yn Ljouwert

04 jun 2012 - 11:00
Oanhâlden - Foto: Omrop Fryslân

Twa Ljouwerters fan 32 en 34 jier binne sneintenacht oanhâlden om't se yn in hûs ynbrutsen ha. It giet om in wenning oan de Sumatrastrjitte. Der lei guod opslein foar in renovaasjeprojekt. Tsjûgen hiene it twatal rinnen sjoen mei doazen en warskôgen de plysje.

De plysje fûn de twa lang om let in pear strjitten fierderop, yn de Indulindestrjitte. De 32-jierrige man stie by in fyts, wêrfan't it slot iepenbrutsen wie. Om't de plysje tinkt dat de fyts stellen is, waard de man ek noch oanhâlden foar heling. Beide fertochten sitte fêst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)