Makkumer sammelet boetes

Wetterplysje (stockfoto) © Omrop Fryslân
In Makkumer (44) hat sneintemiddei flink wat boetes sammele. De man foer yn in flugge motorboat oer it Makkumer Djip mei 20 kilometer de oere, wylst mar 9 tastien is. De skipper hie ek gjin rêdingsfesten of brânblusser oan board. Ek makke er gjin gebrûk fan de ferplichte deademansknop.
Foar al dizze saken krige er in bekeuring. Ek koe er gjin farbewiis en registraasjebewiis sjen litte. De Makkumer krijt oant tongersdei de tiid om mei de papieren nei it buro te kommen. Docht er dat net, dan krijt hy er der noch in boete by.