Reizger sûnder kaart oppakt

04 jun 2012 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân

In man (28) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is sneintemoarn oanholden foar mislediging. By in kontrôle yn de trein fan Harns nei Ljouwert die bliken dat de man gjin kaartsje hie. Hy waard lulk en misledige de kontroleur. Dy warskôge de plysje, wêrnei't de man op it stasjon fan Ljouwert oppakt waard.

By it fûillearjen fan de man fûn de plysje ynbrekkersark, wêrûnder skroevedraaiers. Ek hie er snobbersguod en frisdrinken by him. Dat hat er mooglik stellen by in buerthûs yn Frjentsjer, dat letter melding die fan ynbraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)