Ljouwert:eksekúsjeaksje plysje

© Omrop Fryslân
By in eksekúsje-aksje sneon yn Ljouwert, binne trettjin minsken oanholden. De plysje gie nei 136 adressen fan minsken dy't noch in selstraf útsitte moatte of in boete betelje moatte. Dêrby waard goed 26.000 euro oan iepensteande boeten ophelle.
De plysje hold trettjin minsken oan omdat se de boete net betelje koene of woene of omdat se noch in selstraf útsitte moatte.