Twadde deade nei motorûngelok

04 jun 2012 - 10:22
Traumahelikopter - Foto: ANP Kippa

It ûngelok by De Lemmer op pinkstermoandei hat in twadde deade easke. De frou (46) út Heerde dy't by de oanriding slim ferwûne rekke, is ôfrûne freed yn it sikehûs ferstoarn. In 51-jierrige man út Heerde wie op pinkstermoandei op it plak fan it ûngelok stoarn.

Beide motorriders waarden op de provinsjale dyk tusken De Lemmer en Balk oanriden troch in automobilist. Dy woe de file dêr ferlitte en kearde op de dyk. Dêrby seach er de motorriders oer de holle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)