Blog: Werom hyt IKEA sa

De oprjochter fan IKEA hyt Ingvar (Feodor) Kamprad. Dit binne de I en de K. Dizze man is berne yn it gehucht Elmtaryd en dat leit flakby it doarpke Agunnaryd. Sa kaam hy oan de lêste twa letters. Dus Ingvar Kamprad út Elmtaryd by Agunnaryd.
Dizze man is yntusken al 86 jier en is de op trije nei rykste man yn 'e wrâld.
Der is in Nederlânske konneksje mei IKEA. Belestingtechnysk is IKEA festige yn Nederlân. En boppedat wurde alle nije produkten teste yn de IKEA yn Delft. Dit omdat de Nederlanners earder sizze wat se der fan fine en mear ree binne wat nijs te besykjen as de Sweden. Dus de nijste IKEA-produkten binne net yn Sweden, mar yn Nederlân te finen.