Bern Liudger nei Van Rompuy

04 jun 2012 - 10:13
Foto: Foto Europeeske Uny

Twa learlingen fan it Liudger yn Drachten moetsje kommende woansdei foarsitter Herman van Rompuy fan de Europeeske Uny. Sy hawwe de moeting wûn mei harren antwurd op in fraach fan presidint Obama fan Amearika. Dy frege him ôf wat de Europeeske Uny krekt is.

Neffens de bern út Drachten is de Europeeske Uny 'in uny fan demokratyske steaten, dy't op himsels ek wer in demokrasy is.' Dat antwurd wie genôch om mei 100 oare bern út België en Nederlân in útnoeging te krijen om nei Brussel te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)