Blog: Net Stockholm mar Uppsala

04 jun 2012 - 10:12

Hjoed soenen we nei Stockholm. "Jim hienen gjin mindere dei útsykje kinnen", seit Aaldert moarns as we oan tafel sitte. Wy tinke dat hy doelt op it minne waar. It liket wol hjerst: 6 graden, hurde wyn en rein. "Ja dat ek, mar komst de stêd net yn omdat de maraton hjoed is. Alles stiet fêst. Der binne al ekstra treinen ynsetten". It is hiel spitich mar we litte Stockholm foar wat it is en gean mei Aaldert en Alie nei Uppsala. Dit is in studintestêd mei twa grutte universiteiten. Fan de 185.000 ynwenners binne der 40.000 studint. Aaldert wit in protte fan de skiednis fan de stêd en de streek. Sa lit hy ús ûnder oare de grêfheuvels by Galma Uppsala (âld Uppsala) sjen fan wol 1500 jier âld.

Om har studinten in thús te jaan ha hast alle provinsjes in eigen studintehûs yn Uppsala (is yn mear studintestêden sa). Sweden is in grut lân. Eartiids koenen studinten net samar even nei hûs. It hûs fan de provinsje wie in soarte fan thús fier fan hûs. Net in útwenne studintehûs mar in klassyk gebou mei 'grandeur'. Studinten bestjoere dit hûs, se nimme dan in jier frij fan harren stúdzje. It kostet in jier mar stiet goed op har C.V.

De grutste katedraal fan Sweden stiet yn Uppsala. As we binnen komme hearre we it koar repetearjen. Koaren binne hjir genôch. Kultuerûnderwiis lykas muzyk, sang en dûns wurdt stimulearre en kostet net folle. Aaldert fertelt dat de biskop moarn by har yn 'e tsjerke fan Knivsta komme sil en dat hy op it oargel spylje sil. Hiel spesjaal en we binne dan ek benijd nei syn keunsten. Letter nimme Alie en hy ús mei nei har tsjerke en spilet Aaldert foar ús in stikje.

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)