Blog: Typysk Sweedsk

Sweden ha yn 'e hûs noait skuon oan, dus as je der op besite komme moatte dalik de skuon út (soargje dus foar fatsoenlike sokken)
Spontaan kofjedrinke by in oar, bygelyks de buorfrou, is der hjir net by. Hjir moat minstens in wike yn it foar in ôfspraak foar makke wurde. Dan ha se noch genôch tiid om de boel thús oan kant te meitsjen en lekkere dingen yn 'e hûs te heljen. Mar as it dan safier is dan wurdt der ek flink útpakt.
As je in Sweed tsjinkomme op 'e dyk dan sil hy je net gau oansjen. Werom? Miskien omdat hy tinkt dat hy dan wat sizze moat....
Sweden ride altyd foarsichtich, der kin samar in eland op 'e dyk stean. It is in twadde natoer wurden om altyd goed út te sjen foar bisten. Noait samar in mistbank ynride, der kin in eland stean. In oanriding mei in eland is faak fataal. It bist stiet heech op de poaten en as hy skept wurdt troch in auto dan flucht hy dus mei dat liif fan 400 oant 600 kilo troch it rút.
Hé, hé: hoi, as je earne binnen komme.
Patar ingar: twadde bakje koffie is fergees en smaket altyd better.
Fika: kofje mei in hapke (meast gebakje).
Hembygdsgard: soarte fan lyts iepenloftmuseum, is by hast elk doarp te finen.