Frachtauto's botse op A32

04 jun 2012 - 09:39

Ferkear op de A32 rjochting Stienwyk moat moandei rekken hâlde mei fertraging omdat op 'e hichte fan Pepergea twa frachtweinen yn botsing kaam binne. Ien fan 'e twa sjauffeurs rekke dêrby ferwûne. De man kaam fêst te sitten achter it stjoer. De man waard befrijd troch de brânwacht en is mei earnstige ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.

De frachtauto's kamen yn oanriding by in opstopping as gefolch fan wurk oan de dyk. It ferkear moat sadwaande rekken hâlde mei fertraging op de A32 tusken Wolvegea en Stienwyk op 'e hichte fan Pepergea.

(Advertinsje)
(Advertinsje)