Minister: Frisia mei fierder

27 okt 2011 - 15:16
Foto: Omrop Fryslân

Frisia mei gewoan trochgean mei de sâltwinning yn Noardwest Fryslân. Dat stiet yn in brief dy't minister Verhagen fan ekonomyske saken oan de Twadde Keamer stjoerd hat. De sâltwinning wurdt wol ferpleatst nei it Waad, mar dat kin op syn betiidst yn 2016. Oant dy tiid mei de winning by Slappeterp trochgean. De provinsje moat noch in beslút nimme.

Frisia stekt 2 miljoen ekstra yn de gebietsûntwikkeling as kompensaasje foar de boaiemdelgong.

(Advertinsje)
(Advertinsje)