Special Olympics nei Fryslân

03 jun 2012 - 22:05

It Hearrenfean en Snits kinne har yn 2014 opmeitsje foar de Nasjonale Special Olympics. Dat is in grut twajierliks sportevenemint foar ferstanlik hendikepten. De kar foar Fryslân waard snein yn Den Bosch bekend makke. Dêr wiene dit wykein de 'Spelen'.

De rom twatûzen sporters sille it tsjininoar opnimme yn sa'n 23 sporten. Der binne ek in protte begelieders en der wurde noch folle mear taskôgers ferwachte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)