Unike winst Epke Zonderland

Epke Zonderland hat snein yn it Sloveenske Maribor mei oermacht de finale oan it rek wûn. De Fryske topper liet mei sukses syn trijefâldige kombinaasje fan fluchteleminten sjen. Dy kombinaasje fan Cassina-Kovacs-Kolman slagge ferline wike by it EK yn Frankryk net. No gong alles goed en dat wie oan de skoare te sjen: 16.275. Op brêge waard Zonderland mei in skoare fan 15.025 fjirde.
Céline van Gerner pakte har twadde gouden medalje. Nei de winst op de brêge wie se no de bêste op de balke.
Voor Zonderland en Van Gerner lykje de Spelen no wis.
Takom wike nei de wrâldbekerwedstriden yn Gent (België) makket it turnbûn de twa Olympyske dielnimmers bekend.