Frank Wierstra 2e yn Ronostrân

03 jun 2012 - 21:17

Frank Wierstra is snein twadde wurden yn de Ronde rûn it Ronostrân. De 26-jierrige Burgumer, dy't rydt foar Woonexpo Kapenga Drachten, moast yn de sprint belies jaan. Grinslanner Peter Merx fan de NWVG Grins wie de rapste. Op acht sekonden waard Silvan Buis tredde. Hy wûn de sprint fan in fjirtjin man sterke groep. De Ronde rûn it Ronostrân is de sânde wedstriid fan de noardlike klupkompetysje.

In goed wike lyn wûn Frank Wierstra de Ronde fan De Harkema.

Trefwurden: 
hurdfytsen Frank Wierstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)