FVC promovearret net

03 jun 2012 - 17:44

FVC promovearret net nei de haadklasse. De Ljouwerters ferlearen snein op eigen fjild mei 3-0 fan Hoogeveen. Moandei spile FVC yn Hoogeveen noch mei 1-1 lyk. Snein kaam de formaasje fan trainer Bert Hollander der net oan te pas.

Hoogeveen wie folle sterker. Sy spylje takommend seizoen wer yn de haadklasse. FVC bliuwt yn de earste klasse. Der wie berêsting by de Ljouwerters oer de útslach. Hoogeveen wie snein in maatsje te grut.

(Advertinsje)
(Advertinsje)