Triemstra kening fan Dronryp

03 jun 2012 - 16:55

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein yn Dronryp de Eise Eisingapartij wûn. Yn de finale kaam it partoer noch mei 4-1 achter te stean, mar de finale waard likegoed mei 5-5 en 6-2 wûn fan Jan Dirk de Groot, Renze P. Hiemstra en Pier Piersma.

De lytse preemje gie nei it trio Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra. It wie foar Iseger en Van der Bos foar it earst dat er yn Dronryp wûn waard. Taeke Triemstra waard mei algemiene stimmen útroppen ta kening fan de partij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)