Yellow House wint Lytse Priis

03 jun 2012 - 16:49
Foto: Foto Patrick Visser

De folkband Yellow House 21 út Ljouwert hat sneontejûn yn poppoadium Romein yn Ljouwert útroppen ta de winner fan de Lytse Priis fan Fryslân 2012. De band hat mei dizze priis foar 1500 euro oan studiotiid wûn en dêrnjonken ek optredens op Freeze en Eurosonic.

De publykspriis, dy't bepaald waard troch sms-stimmen, gie nei de Snitser funkband Black Cherry Juice. Der diene seis bands oan de finale mei. Njonken de winners wiene dat Supervixen, Brûckenbauer, Croonparade en Blue June. Sy waarden selektearre út 50 oanmeldings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)