Keniaan wint Loop Leeuwarden

03 jun 2012 - 16:29

De Keniaanske hurdrinner Robert Langat is snein de winner wurden fan de heale maraton fan Loop Leeuwarden. Langat kaam oer de streek yn in tiid fan 1 oere, 6 minuten en 33 tellen. Syn lângenoat Kemboi waard twadde; Asbel Kipsang út Ljouwert waard tredde. Erik Negerman waard fyfde.

By de froulju wie Rutendo Nyahora út Simbabwe de fluchste, foar Mariska Kramer út Drachten en Yvonne Kassenberg út Burgum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)