Direkteur SC Hearrenfean belutsen by gok-affêre

27 okt 2011 - 15:41

Robert Veenstra fan SC Hearrenfean is troch de KNVB oansprutsen op it gokken op eigen wedstriden. Veenstra sei tsjin Omrop Fryslân dat hy fia wedkantoar Unibet gokt hat op de wedstriid Hearrenfean-Harkemase Boys. Hy hie de 6-1 útslach goed foarsein. 'Ik ha 5 euro ynsetten en 390 euro wûn.' sa fertelde de direkteur oan sjoernalisten fan de Omrop. 'Ik ha yn 90 prosint fan de gefallen de útslach goed.

Nei ûndersyk fan de Omrop nei eventuele strafberheid fan dizze feiten by de KNVB en kontakt mei de foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen kaam Veenstra op syn wurden werom. Neffens him gie it om in grapke en hat hy nea op wedstriden gokt.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)