Oarlochsmonumint yn Koudum

03 jun 2012 - 15:42

Yn Koudum wurdt yn july in oarlochsmonumint ûntbleate. It is in tinkstien ta werinnering oan trije bemanningsleden fan in hampden bommewerper, dy't yn 1942 tichtbij it doarp delstoart is. De piloat oerlibbe de crash. De trije omkommen bemanningsleden lizze begroeven op it Algemien Begraafplak fan Koudum.

De Wurkgroep Histoarysk Koudum hat it inisjatyf naam foar it monumint. Dat wurdt op 3 july ûntbleate, op de dei ôf 70 jier nei dato. Foar de ûntbleating sille ek sa'n 20 neibesteanden fan de omkommen soldaten oerkomme út Kanada en Ingelân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)