Lânboupaden wurde oanpast

De lânboupaden by Stiens en De Gordyk wurde oanpast. De spesjale diken foar trekkers en oar lânbouferkear foldogge net oan de easken. It paad tusken Terwispel en De Gordyk is ôfsletten omdat in stik fol gatten sit. Hjir komt in nije ûndergrûn.
Op it paad tusken Stiens en Hallum binne de passearfakken te lyts. Op oantrunen fan de boeren sels wurde dy fakken grutter makke. De proef wiist wol út dat der minder gefaarlike situaasjes mei fytsers binne. Ek tusken Snits en Jutryp komt oer in lingte fan 4 kilometer in lânboupaad.