Prolooch Dauphiné: Westra 12e

03 jun 2012 - 15:30

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is snein 12e wurden by de prolooch fan de rittekoers Critérium du Dauphiné. Westra sette oer de 5,7 kilometer mei start en finish yn Grenoble in tiid del fan 6 minuten en 45 tellen.

Winner waard Luke Durbridge út Australië yn in tiid fan 6 minuten en 38 sekonden. De Brit Bradley Wiggens waard op ien tel twadde. Pieter Weening, ploechmaat fan de winner, waard op 12 tellen 34e. De Dauphiné duorret oant en mei snein 10 juny.

(Advertinsje)
(Advertinsje)