Nummerdor/Schuil lizze der út

03 jun 2012 - 14:40
Richard Schuil mei syn maat Reinder Nummerdor

Op it Europeesk kampioenskip yn Scheveningen binne beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor der sneon net yn slagge om de heale finale te berikken. Sy ferlearen yn twa sets mei de setstannen 21-14 en 21-11 fan Emiel Boersma en Daan Spijkers.

Schuil en Nummerdor hiene snein graach de finale spylje wollen as tarieding op de Olympyske Spelen yn Londen. De betide útskeakeling is dan ek in streek troch de rekken. Foarôf jilden Schuil en Nummerdor noch as ien fan de kânshawwers op de Europeeske titel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)