Penjumer skelt plysje út

03 jun 2012 - 14:12

In man út Penjum (22) is sneontenacht yn Ljouwert oanhâlden, omdat er plysjeminsken misledige hie. De plysjes troffen him op de Foarstreek. Se joegen him in boete fanwege iepenbiere dronkenskip. De man waard dêr hiel lulk oer en misledige de plysje.

Doe't de plysje him oanhâlde woene, fersette er him bot. De man is doe yn de boeien slein en meinaam nei it buro om wer nochteren te wurden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)