Drachtsters slaan Sweachster

03 jun 2012 - 14:08
Geweld - Foto: Omrop Fryslân

Yn Drachten binne yn de nacht fan sneon op snein twa ynwenners fan 19 en 20 fan dat plak oppakt, omdat se in jonge (16) út Beetstersweach yn elkoar slein hiene. Oan de hân fan in sinjalemint koe de plysje de twa fertochten oppakke. De Sweachtster jonge rekke ferwûne oan de holle en moast him troch in dokter behannelje litte.

Wat de oanlieding fan de mishanneling west hat, wurdt noch útsocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)