Drylts wint yn Gryptsjerk

Yn de tredde fierljepwedstriid fan dit seizoen soarge de ôfdieling Drylts sneon foar in opmerklike prestaasje. Yn Gryptsjerk gienen alle deititels nei Drylts. Grytsje Abma wûn by de froulju mei 14.67, Bobby Zwaagman waard mei 16.80 earste by de jonges. Hans Ulco de Boer wie mei 17.99 de sterkste junior.
Topklasser en kluptrainer Thewis Hobma makke it sukses kompleet.
Hy wûn de wedstriid én de finale en pakte ek noch de lieding yn it klassemint. Hobma sprong 19.85 meter.