De Vries wint NK skate maraton

03 jun 2012 - 13:34
Foto: awfoto.nl

Elma de Vries en Koen Verweij hawwe sneon yn Staphorst de Nederlânske titel inline-skate op de maraton wûn. Elma de Vries, earder fan De Haule, wûn mei in moaie solo. Manon Kamminga wûn de sprint fan de achterfolgjende groep. It tredde plak wie foar Irene Schouten. Foar Elma de Vries wie it de sânde titel op de maraton.

By de manlju wie langebaanrider Verweij de rapste yn in massasprint. Hy bleau Gary Hekman en Crispijn Ariëns foar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)