Grinzer slacht frou op holle

03 jun 2012 - 13:15
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneontenacht op It Hearrenfean in man út Grins (22) oanhâlden fanwege mishanneling. Hy hie yn in útgeansgelegenheid oan de Vleesmarkt spul krigen op de dûnsflier. Dat rûn sa heech op dat de fertochte in frou (22) út It Hearrenfean mei in fleske op de holle sloech.

De man waard oppakt en meinaam nei it plysjeburo, foar fierder ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)