Museum Blokhúspoarte ticht

It museum yn âld-finzenis de Blokhuispoort yn Ljouwert is sletten. Neffens it bestjoer fan Stichting Blokhuispoort, dy't it museum opset hat, is dat it gefolch fan in skeel mei de behearder fan de âld-finzenis. Dat is it bedriuw Carex, dy't rûnom leechsteande gebouwen tydlik beheart of nije bestimmingen jout.
Museum Blokhuispoort bestiet sûnt 2010 en hat as doel om de histoarje fan de âld-finzenis en allerhanne materiaal te behearen en foar it publyk tagonklik te meitsjen. Der komme mear as 10.000 besikers yn it jier.