Kij ôfmakke nei brân Eastermar

03 jun 2012 - 12:28
Foto: Foto Nico Feenstra, Kappersmedia

By in brân sneontemiddei oan de Torenleane yn Eastermar binne trije kij sa slim ferwûne rekke, dat se ôfmakke wurde moasten. De brân ûntstie doe't in man (71) út Eastermar besocht in bûtenboardmotor te starten. De motor fleach yn brân en de flammen sloegen oer nei in skuorre en ek nei in skuorre dêrnjonken. Dêr stiene de kij yn.

Ien fan de bisten koe derút helle wurde. By de oare trije slagge dat net. De brânwacht hâlde se wiet, mar se wiene der sa min oan ta dat se nei de needslachter brocht binne. De skuorre fan de man rûn in soad skea op.

Trefwurden: 
brân kij ôfmakke
(Advertinsje)
(Advertinsje)