Dirk Fabriek twadde yn Tayak

Gersbaankoereur Dirk Fabriek hat him sneon yn it Frânske Tayak pleatst foar de WK challenge 2013. De âld-Jobbegeaster waard twadde achter de Frânsman Stéphane Tresarrieu. Yn Tayak waarden mar fjouwer searjes riden. Troch in protte reinwetter koene de heale finales en de finale net ferriden wurde. Fabriek wûn twa searjes, waard ien kear twadde en ien kear tredde. De WK challenge is yn septimber yn it Tsjechyske Marianske Lazne. Rydt Fabriek dêr goed dan is er wis fan de searje wedstriden om it WK 2013.
De twadde heale finale fan it Europeesk kampioenskip gersbaan yn it Dútske Bielefeld foel snein hielendal yn it wetter. De baan wie fierste wiet. Sadwaande kamen de Friezen Jannick de Jong, Theo Pijper en Jeffrey Woortman net yn aksje.