Kevin Boon yn sliep hâlden

03 jun 2012 - 11:11
Foto: awfoto.nl

Hurdfytser Kevin Boon dy't sneon by de Ronde van de Kerspelen swier ferwûne rekke by in falpartij, leit op de intensive care fan it UMCG yn Grins. Hy wurdt behannele oan in harsentrauma en in ynklapte long en wurdt foarearst keunstmjittich yn sliep hâlden.

Boon wie sneon belutsen by in falpartij dêr't ek noch fiif oare koereurs slachtoffer by waarden. Ien fan har moast ek nei it sikehûs, mar hy is yntusken wer thús. De oare fjouwer hurdfytsers koene op it plak sels behannele wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)