Oargeliste krijt lintsje

Lintsje © ANP
Jeltje Oosterhof (68) út Winsum hat snein yn de tsjerke yn har wenplak in keninklike ûnderskieding krigen. Frou Oosterhof set har al hast 30 jier yn foar de muzikale begelieding fan tsjerketsjinsten, foar de Mennistegemeente fan Baard en Itens en yn de grifformearde tsjerke Winsum en omkriten en ek yn soarchsintrum Nij Stapert yn Wommels.
Se is ek bot aktyf op oar mêd, ûnder oare by de plattelânsfroulju. Se is dêrom by de fiering fan it 125-jierrich bestean fan de tsjerke fan Winsum snein beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau.