Goud turnster Van Gerner

Celine van Gerner (argyf) © ANP
Turnster Céline van Gerner hat sneon by in ynternasjonaal toernoai yn Slovenië goud wûn op de brêge. Se hat dêrmei in belangrike stap set op wei nei in ticket foar de Olympyske Spelen yn Londen. Van Gerner striidt om in plak op de Spelen mei Wyomi Masela. Sy rekke freed blessearre en koe net meidwaam.
Nei de wedstryd yn Slovenië ha beide turnsters noch ien kâns om harsels te bewizen. Nei de wedstryd yn Gent nije wike makket it gymmastykbûn KNGU in kar. Céline van Gerner komt snein yn Slovenië noch yn aksje op de balke.