Special Olympics yn 2014?

03 jun 2012 - 10:37

Yn Den Bosch wurdt sneintejûn bekend makke oft Fryslân yn 2014 de Special Olympics organisearje mei. Dat is in sportevenemint foar minsken mei in ferstanlike hendikep. In inisjatyfgroep ûnder lieding fan Sport Fryslân hat in bid yntsjinne om it nasjonale sportbarren nei Fryslân te heljen.

Mocht it oardiel posityf útfalle, dan wurdt it evenemint yn Fryslân hâlden. Der wurde dan 2.500 sporters, 1.500 begelieders en tûzenen taskôgers ferwachte.

Trefwurden: 
Special Olympics
(Advertinsje)
(Advertinsje)