Loop Leeuwarden begûn

03 jun 2012 - 10:11

Yn Ljouwert is snein de seisde edysje fan de Loop Leeuwarden. Dat is it grutste jierliks rin- en kuierevenemint fan Fryslân. Der dogge fiiftûzen minsken oan mei, yn in oantal ferskillende kategoaryen en ôfstannen. Sa kin der draafd én kuiere wurde en binne der wedstriden en ôfstannen foar folwoeksenen én bern.

De dielnimmers oan de langste ôfstân, de kuiertocht fan 35 kilometer, binne om healwei achten begûn. De lêste starters binne dy dy't oan de hurdrinwedstryd oer tsien kilometer meidogge. Dat begjint om twa oere sneintemiddei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)