Helpferliener ûnderskieden

Teamlieder Henk Slot (64) fan de helpferlieningstsjinst Fryslân ôfdieling Noardwest is sneontejûn keninklik ûnderskieden. Dat barde yn de brânwachtkazerne yn Stiens.
Slot wie tusken 2001 en 2008 kommandant fan de frijwillige brânwacht yn Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel. Sûnt 2008 is hy by de Helpferlieningstsjinst Noardwest-Fryslân teamlieder. By in reorganisaasje waard in tal brânwachtkorpsen byelkoar bracht. Henk Slot wie nau belutsen by dat proses. Fanwege dy ynset waard er sneon beneamd ta ridder yn de oarder fan Oranje Nassau.