Frisia mei troch mei de sâltwinning

Frisia mei gewoan trochgean mei de sâltwinning yn Noardwest Fryslân. Dat stiet yn in brief dy't minister Verhagen fan Ekonomyske Saken oan de Twadde Keamer stjoerd hat. De sâltwinning wurdt wol ferpleatst nei it Waad, mar dat kin op syn betiidst yn 2016. Oant dy tiid mei de winning yn de omkriten fan Slappeterp trochgean.
Hy skriuwt dat Frisia 15 miljoen yn de gebietsûntwikkeling stekke wol as kompensaasje foar de boaiemdelgong.
De minister wiist der ek op dat Fryske bestjoerders sels yn de jierren njoggentich de sâltwinning nei Noardwest Fryslân helle ha.