Aksje FNP foar behâld Frysk

03 jun 2012 - 08:48
FNP

De FNP komt yn aksje tsjin it opgean fan it Frysk yn de stúdzjerjochting Europeeske talen en kultueren oan de universiteit yn Grins. Neffens de FNP is it plan om it Frysk te skrassen as folweardige en selsstannige stúdzje in skeining fan nasjonale ôfspraken en ynternasjonaal rjocht.

De partij wol besjen oft it mooglik is fia de rjochter de stúdzje yn stân te hâlden. De kommende wiken wurde ek protestbrieven stjoerd nei ferantwurdlik steatssiktaris Halbe Zijlstra en nei it Kolleezje fan Bestjoer fan de Ryksuniversiteit yn Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)