Joanne Hoekstra Jonge Dichter

03 jun 2012 - 08:31

Joanne Hoekstra (17) fan Lytswâld (Augsbuurt) mei har de kommende twa jier de Jonge Dichter des Vaderlands neame. Se hat de wedstryd om de titel wûn fan twa oare kandidaten: Sannemaj Betten út Sint Jabik en Kenza Bolsius út Amsterdam. De útslach waard sneontejûn bekendmakke op it Doe Maar Dicht Maarfestival yn Grins.

Minsken koene de ôfrûne wiken stimme op de gedichten fan de trije gadingmakkers. Joanne Hoekstra helle de measte stimmen. Sy mei as Jonge Dichter des Vaderlands ûnder oare nije gedichten skriuwe en optrede op poëzijfestivals.

Mei dit fers wûn Joanne Hoekstra:

In het hoofd van haar broer

In het hoofd van haar broer
kwam nog een laatste gedachte op
toen het water zijn lichaam omarmde,
zijn hoofd verborg in de golven.

Ze had willen redden
Maar de schepen voeren nog,
boeien dreven.

En ook zij was in gedachten verzonken.

Joanne Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)